10 Februari: It Geheim fan ‘e Kânselier
Doch watst dwaan moatst, al witst net hoe
Famyljefoarstelling foar elkenien fan 8 jier en âlder!
Yn It geheim fan de Kânselier wurdst meiskuord yn de wrâld fan sjittinten, messegoaiers, meunsterhûnen, kokhalzjende skiep, ûntploffende kanonnen, hookstrooks opdûkende plysjemannen, en in mem en in soan.. .en in famke…en in heit (mar dy is der net).
Special guest! Piter Wilkens as Bline Arend, de sjongende cowboy.
It begjint allegear sa rêstich. Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang alderaardichst regearret oer jong en âld en elkenien.
Teminsten, sa liket it… want Keimpe is syn heit kwyt.
Mem seit dat er dea is mar dat wol Keimpe net leauwe. Hy beslút om syn heit te sykjen en bedarret yn in gefaarlik aventoer. Hy komt yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de libbene kanonskûgel en it famke.
Bringe dizze nije freonen him tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.
Bram de Goeij is by Tryater bekend fan syn regy fan de hilaryske jeugdfoarstellingen Stamppot Smyt en Tomke siket om ‘e kluts. Peter Sijbenga is in bekende namme by Tryater. As tûzenpoat is hy belutsen by de tekst en de muzyk fan It geheim fan ‘e Kânselier.
Bram de Goeij: ‘Mei it meitsjen fan De Kânselier komt in âlde winsk út om in avontoerlike famyljefoarstelling te meitsjen, fol (absurde) humor, aaklikmeitsjende spanning en oandwaning.’
| regy | Bram de Goeij |
| tekst | Peter Sijbenga, Bram de Goeij |
| dramaturgy | Tamara Schoppert |
| regy-assistint | Doete Stenekes |
| spul | Jan Arendz |
| Arnold Dijkstra | |
| Nynke Heeg | |
| Eelco Venema | |
| Piter Wilkens | |
| Laila el Bazi | |
| Raymond Muller | |
| muzyk | Piter Wilkens, Peter Sijbenga |
| dekôr en kostúms | Annemarie Klijn, Johan Klijn |
| ljochtûntwerp | Paul van Laak |
It geheim fan ‘e Kânselier spilet op 10 febrewaris 2012 om 19.30 oer yn MFC Ons Huis St-Anne